De opfarrenden fan it Ljouwerter skűtsje yn de Gay Pride yn Amsterdam sille nije wike ferskine yn in Fryske kilt: in rok mei pompeblęden. De froulju komme yn in jurk mei sa'n bytsje deselde opdruk. Freed waarden op it stedhűs fan Ljouwert de klean presintearre.
De gemeente docht om twa redenen mei oan dy Gay Pride. Yn it foarste plak om sjen te litten dat de gemeente tolerant is foar homo's, op it twadde plak om de provinsje te promoaten.