SC Hearrenfeanspiler Kristian Bak Nielsen is foar it earst sűnt twa jier wer opnaam yn de seleksje fan Denemarken. De ferdigener joech yn de Deenske parse in pear wiken lyn krityk op bűnscoach Morten Olsen. Dochs is er no wer opnommen.
Ek âld-SC Hearrenfeanspilers Hjalte Bo Nřrregaard en Jakob Poulsen binne opnaam yn de seleksje. Denemarken spilet 6 juny it WK-kwalifikaasjeduel tsjin Sweden.