C2000, it kommunikaasjesysteem fan de helptsjinsten funksjonearret kwalik yn it Thialf stadion. Ek op de Waadsee en it Iselmar binne problemen. It docht bliken út in list fan it ministearje fan Binnenlânske Saken dy't snein yn it tv-programma Zembla bekend makke waard. It betsjut dat by in ramp de kommunikaasje tusken de helptsjinsten net optimaal is.
Boargemaster De Jonge fan It Fean wie net op de hichte fan dit nijs en makket him dêr ek wol soargen oer.